Museum ´t Fiskershúske

Yn it noardlikste part fan Fryslân, fuort oan de Waadsee, leit yn it beskerme doarpsgesicht fan Moddergat museum ’t Fiskershúske. Yn dat bysûndere iepenloftmuseum wurde de ferdwûne kustfiskerij en de fiskerskultuer yn libben oantinken holden.

Neist it besjen fan de unike âlde fiskershúskes en de útstalling, kinne jo in hearlik kopke kofje drinke yn it museumkafee. Sykje jo in aardich sûvenir of in spesjale kaart? Jo fine it yn ús museumwinkel.

Museum ’t Fiskershúske sammelet en eksposearret saken dy’t de âlde kustfiskerij en it libben fan de kustbewenners fan Peasens-Moddergat oanbelangje. De ramp fan Moddergat hat dêr fansels in grut oandiel yn. De útstalde saken binne te besjen yn de fjouwer húskes fan it museum.
It âldste húske is út 1794 en jout in byld fan de ynrjochting fan in fiskershûs by de waadkust lâns om 1850 hinne. Yn “Klaske’s Húske” binne de keamers ynrjochte yn de styl fan de iere tweintichste ieu. Yn húske “De Aek” fine jo de permaninte eksposysje “Vissers fan Wad en Gat”, mei oandacht foar skipsmodellen, fiskersark, it rêdingswêzen en oantinkens oan de skipsramp fan Moddergat.
Museum ’t Fiskershúske hat ek in lytse biblioteek (net tagonklik foar publyk) en in grutte samling foto’s en aansichtkaarten.

Rûk de see en fiel de wyn yn iepenloftmuseum ’t Fiskershúske!